HomeNieuwsVacaturesAdresgegevensContactDisclaimer
Elektryske taksys yn Ljouwert
donderdag, 27 november 2008 01:00
De gemeente Ljouwert keapet twa elektryske taksys. De gemeente brûkt no al tsjinstauto's dy't op ierdgas en biogas ride. Mar Ljouwert wol noch fierder gean op it mêd fan duorsumheid en docht dêrom in proef mei de twa elektryske taksys. As de auto's goed befalle, dan wol de gemeente yn de takomst noch mear dwaan mei ferfier op stroom. De elektryske taksys sille troch taksybedriuw Kijlstra ynset wurde foar it ferfier fan learlingen.

De taksys wurde omboud ta elektryske auto's troch it bedriuw Miles Benelux. Under oare troch de komst fan dit bedriuw nei Ljouwert is de gemeente op it idee foar de proef kaam.

Dossier: Iepenbier ferfier

Klik hier voor het originele bericht

 
© 2012 Kijlstra
Joomla! is Free Software released under the GNU General Public License.