|
Burgernet foar hertstilstân |
|
maandag, 04 april 2011 13:16 |
|
Yn de Súdwesthoeke wurdt moandei begûn mei in proef om te sjen oft mei help fan Burgernet minsken mei in hertstilstân gauwer help krije kinne. It Antonius sikehûs yn Snits hat sa'n tûzen minsken yn it gebiet in oplieding jûn oer hoe't je mei in AED-apparaat in persoan reanimearje kinne.
As der by de meldkeamer yn Ljouwert in melding komt fan in persoan mei in hertstilstân krije frijwilligers dy't yn de buert fan it slachtoffer binne in sms-berjocht op har mobile telefoan.
Yn it berjocht stiet it adres fan de oanbelangjende persoan en it plak dêr't in AED oanwêzich. Tagelyk wurdt ek in ambulânse en in plysjewein stjoerd nei it plak dêr't help nedich is .
Bron en reportage: http://www.omropfryslan.nl/79129/Burgernet-foar-hertstilstan.aspx
|